Grou haadkantoar Friese Greiden

© Omrop Fryslân
Wenningboukorporaasje De Friese Greidengroep ferhuzet it haadkantoar mooglik nei Grou. No sit de korporaasje noch yn Boalsert. It each is op Grou fallen omdat dat sintraler leit. Boppedat is dêr ek al in kantoar.
Troch de ferhuzing geane gjin banen ferlern. De Friese Greidengroep bliuwt wol aktyf yn Boalsert. De korporaasje wol dêr in service-punt foar hierders en in wenwinkel ynrjochtsje.