McDonald's Goutum ôfbaarnd

21 okt 2005 - 09:30

De McDonald's yn Goutum is tongersdeitemoarn betiid by in brân folslein ferlern gien. It fjoer yn it hamburger-restaurant waard ûntdutsen troch foarbygongers. De korpsen fan Ljouwert en Grou hiene it fjoer gau ûnder kontrôle, mar fan it gebou wie doe al net folle mear oer.

Oer de oarsaak fan de brân is neat bekend. Foar it personiel wurdt in oplossing socht yn de Ljouwerter festiging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)