Cambuur-Volendam net op tv

© Omrop Fryslân
Televyzjestjoerder SBS6 en de KNVB ferbiede it filmjen by de wedstryd FC Volendam - SC Cambuur yn de Gouden Gids divyzje. SBS6 en it fuotbalbûn nimme dizze maatregel om't se lulk binne op FC Volendam. Dy beskôget de wedstryd as risikofol.
De KNVB fynt fan net en hâldt dêrom fêst oan de freed. Dochs hat Volendam de wedstryd op snein 30 oktober set. SBS6 en de KNVB ha as sanksje al it filmjen foar en nei de wedstryd ferbean.