Bûnen lulk op flaggesintrale

20 okt 2005 - 17:09

De fakbûnen binne lulk op de direksje fan de Dokkumer Vlaggen Centrale. Se wisten neat fan de reorganisaasje by it bedriuw. Der wurde sechtjin banen skrast, omdat der hieltyd mear wurk útbestege wurdt oan it goedkeapere Sina. Fierder wurdt der ek mear en mear mei de kompjûter dien.

De flaggesintrale ferwachtet it jier wol ôf te sluten mei winst. Besocht wurdt de sechtjin minsken oar wurk yn itselde bedriuw te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)