Jild foar kij yn de greide

20 okt 2005 - 11:23

Fiif Fryske boeren ha woansdei in oerienkomst ûndertekene om har kij mear bûten rinne te litten. Se krije dêr 65 euro de ko yn it jier foar, fan de Haachse sakeman Arensman.

Arensman, direkteur fan in grut finansjeel advysburo en boeresoan, hopet mei syn aksje in stikje Nederlânske kultuer feilich te stellen. Hieltiten mear boeren hâlde har kij yn 'e stâl, om't it te djoer wurdt se nei de greide te bringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)