Droech nei de Tjongerskâns rinne

20 okt 2005 - 11:21

It nije foarterrein fan sikehûs de Tjongerschans op it Hearrefean wurdt mooglik foar in part oerkape. Dat moat der foar soargje dat minsken dy't tusken it sikehûs en de parkearplakken rinne, altyd droech bliuwe. Dat sei it haad technyske saken Draaisma fan de Tjongerschans by de iepening fan de werynrjochte Thialfweg oan de foarside fan it sikehûs.

De oerkaping wie earder sneuvele yn de plannen om't der gjin jild foar wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)