Minder regels foar hûsútwreiding

20 okt 2005 - 11:14

It wurdt fan 1 novimber ôf makliker om lytse oanpassings oan it hûs, de pleats of de grûn dêromhinne te dwaan. De provinsje skaft in oantal regels op it mêd fan romtlike oardering ôf.

Foar lytse feroarings hoecht de provinsje gjin tastimming mear te jaan foar de wiziging fan in bestimmingsplan. De pleatsing fan in lytse kas of in lytse útwreiding fan in hûs kinne minsken tenei mei de gemeente regelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)