Earst projekt, dan pas jild

20 okt 2005 - 10:53

Fryske maatskiplike organisaasjes moatte by wize fan proef tenei pas jild krije as sy projekten yntsjinje by de provinsje. Dat wie de miening op in kommisjegearkomste fan Provinsjale Steaten.

De organisaasjes krije no jierliks in fêst bedrach, mar dat wol deputearre Ploeg net mear. De partijen gean inkeld akkoart as de nije wurkwize begjin 2007 evaluearre wurdt. Op 9 novimber komt de saak yn de Steaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)