Ien Hells Angel frijlitten

© Omrop Fryslân
Ien fan de seis yn Harns oppakte Hells Angels wurdt frijlitten. It giet om in bestjoerslid fan de Harnzer ôfdieling North Coast Chapter. De oare fiif fertochten moatte tongersdei foar de rjochter-kommissaris ferskine.
Neffens advokaat Kaaij betsjut de frijlitting dat Justysje net bewize kin dat it om in kriminele organisaasje giet. Mei grut machtsfertoan binne moandei yn hiel Nederlân 45 Hells Angels oanholden.