Smellingerlân buorket goed

© Omrop Fryslân
It giet finansjeel goed mei de gemeente Smellingerlân. Dat falt op te meitsjen út it beliedsplan fan de gemeente dat woansdei presinteard is.
De ynwenners fan Smellingerlân geane der troch it ôfskaffen fan de ûnreplikguodbelesting dik hûndert euro op foarút en boppedat is der jild foar nij beleid. Troch tafallers kin de gemeente alle jierren njoggen ton ekstra besteegje en ienmalich fiif miljoen.