Harns krijt in kanon

© Omrop Fryslân
Yn Harns komt in kanon te stean út it ferneamde goudskip Lutine. It skip sonk twahûndert jier ferlyn tusken Flylân en Skylge. Kommende tongersdei wurdt it kanon offisjeel ûntbleate.
It kanon wie yn besit fan fersekeringsmaatskippij Lloyds yn Rotterdam, mar dy hie der gjin plak mear foar. De maatskippij benadere doe de gemeente en Harns wol it graach hawwe. It kanon krijt in plakje by de ferkearstoer yn 'e passantehaven.