Kreakers meie sitten bliuwe

© Omrop Fryslân
De kreakers hoege foarearst net út de pleats op 'e Gordyk. Opsterlân woe de kreakers derút hawwe omdat de gemeente benaud wie foar gefaarlike sitewaasje. De kreakers stapten dêrop nei de rjochter dy't harren gelyk joech.
De ôfrûne wiken wie de pleats geregeld it doelwyt fan fernielings troch de jongerein fan 'e Gordyk. De gemeente tinkt dat dat yn 'e takomst allinnich noch mar slimmer wurde sil.