Tefreden oer eurokaartsjes bus

© Omrop Fryslân
Ferfiersmaatskippijen Arriva en NoordNed binne tefreden oer de kaartsjesaksje fan ôfrûne simmer. Reizgers koene yn de simmerfakânsje foar in euro mei de bus. Der binne doe 350.000 kaartsjes ferkocht.
Folle mear minsken as oars namen de bus. Ien op de fiif hie sûnder de aksje net mei de bus gien, sa die bliken út in ûndersyk. De euro-aksje duorre ferline jier trije wike. No is it tal wiken útwreide nei seis.