Undergrûnse himpkwekerij

Himp © ANP
De plysje hat tongersdei yn in hûs yn Easterwâlde in himpkwekerij fûn dy't ûnder de flier oanlein wie. Boppedat wiene op de souder en yn in hok ek hennepkwekerijen, mar dy wiene al foar in part ûntmantele. De plysje hie anonime tips krigen en sels ek ûndersyk nei de kwekerij dien. Mei-inoar waarden hast 650 potten mei planten fûn.
De plysje hat in 57-jierrige man út Naarden en in 39-jierrige man mei in ûnbekend wenplak oanhâlden. Se binne meinaam nei it buro. De man út Naarden moast noch sân dagen sitte.