Ropperige reklames meie net mear

19 okt 2005 - 10:19

Undernimmers yn Frjentsjerteradiel meie gjin ropperige reklames mear ophingje. De gemeente en de winkeliers hawwe dêr ôfspraken oan makke. De wyldgroei oan reklame sa't dy der no is, past net by de pas opknapte monumintale binnenstêd.

De gemeente hat jild beskikber steld om it nije belied te stimulearjen. Undernimmers dy't ferkearde reklames fuorthelje, kinne dêrfoar 500 euro krije. It giet dan bygelyks om flaggen of buorden op de stoepe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)