Utwreiding by Glaverbel

18 okt 2005 - 16:45

Glêsprodusint Glaverbel bout in nije produksjehal yn Easterwâlde. De hal is nedich omdat Glaverbel syn fabryk yn Emmeloard slút en it wurk oerbringt nei Easterwâlde. Glaverbel wol kosten besparje, sadat der better konkurreard wurde kin mei oare bedriuwen.

Ek de besteande gebouwen wurde opknapt. By Glaverbel yn Easterwâlde wurkje 50 minsken, dêr komme sa'n 35 wurknimmers út Emmeloard by. It bedriuw makket ûnder oaren dûbel glês en feiligensglês.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)