Kaart mei kuier- en fytspaden

18 okt 2005 - 16:31

De gemeente Achtkarspelen krijt meikoarten in kaart oanbean mei dêrop alle kuier- en fytspaden dy't yn de gemeente bestean bliuwe moatte. De kaart wurdt makke troch alle doarpsbelangen yn Achtkarspelen. Dy kinne sels op de kaart oanjaan wat foar paden sy by har doarp wichtich fine.

Kootstertille hat yntusken syn winsken yntekene op de kaart en Surhústerfean is der mei dwaande. De paden dy't bliuwe moatte wol opinoar oanslute.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)