Hast 3 ton tekoart Dongeradiel

© Omrop Fryslân
Dongeradiel ferwachtet foar 2006 in tekoart fan 293.000 euro. Dat stiet in de mearjierrenbegrutting. Dy moat slutend makke wurde troch te besunigjen op it ûnderhâld fan grien, kultuer, sport en de eigen bedriuwsfiering.
Wol is der jild frijmakke foar in nij doarpshûs yn Eastrum en it opknappen fan dy fan Easternijtsjerk en Brantgum. Ek kinne ynwenners tenei op freedtejûn teplak op it gemeentehûs, om sa de tsjinstferliening te ferbetterjen.