Ljipaai Skier en East'werf

16 mrt 2012 - 11:52
  • In broedsje ljipaaien

Yn Eaststellingwerf en op Skiermûntseach binne tongersdeitemiddei de earste ljipaaien fan dy gemeenten fûn.

Piet Offringa fan Waskemar fûn it earste aai fan Eaststellingwerf skean achter syn hûs oan de Compagnonswei yn Waskemar. Hy hat it freedtemoarn oanbean oan boargemaster Oosterman.

It earste aai op Skiermûntseach waard fûn troch de hear Abma. Hy hat it ûnderwilens oerlange oan boargemaster Stellinga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)