Fergees miel foar dakleazen

© Omrop Fryslân
De dakleazen fan Ljouwert krije takom wike in fergees waarm miel fan Turks restaurant Kaya. It restaurant docht dat yn ferbân mei de ramadan. Tidens de ramadan wurdt der net allinnich net iten tusken sinne op- en ûndergong, it is ek de bedoeling dat de moslims stilstean by minsken dy't it dreech ha. It Turkse restaurant Kaya jout dêr takom wike ynfolling oan.
Ferline jier wie dizze aksje fan it restaurant in grut súkses.