Jong Hearrenfean wint fan NEC

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean wûn moandeitejûn op Sportpark Skoatterwâld mei 3-0 fan Jong NEC. De ploech út Nijmegen koe yn de earste helte goed partij jaan. Nei it skoft wiene de Feansters better en foelen de doelpunten. Dy waarden makke troch Rawley Rozendaal, Niklas Tarvajärvi en André Hanssen.
Jong Hearrenfean, de ploech fan trainer Henk Herder, stiet op it twadde plak yn de beloftekompetysje. AZ is de lieder.