Binnenfeartskippers oan 'e kant
Binnenfeartskippers moatte yn Fryslân harren skip oan 'e kant lizze, omdat se Dútslân net yn kinne. It skipfeartferkear rjochting Dútslân is stremd nei't in frachtskip sneon sonk op de Eems. Earder rekke de iennichste oare noardlike trochfarrûte nei Dútslân, fia it Dortmund-Eemskanaal, al stremd troch in dambreuk.
De skippen wurde yn Fryslân tsjinholden en ferspraad oer it PM-kanaal, dêr't se de kommende dagen lizzen bliuwe moatte.