Fiskkotter yn problemen

© Omrop Fryslân
De rêdingsboat fan Skiermûntseach hat moandei in fiskkotter út Zoutkamp nei de haven fan Lauwerseach sleept. It skip kaam op de Noardsee yn de problemen fanwege koartsluting yn de betriedding.
De Willem I fan Skier waard frege om help en hat de Zoutkamp 65 fan it Westgat nei Lauwerseach sleept. Mei help fan de Annie Jacoba Visser is de kotter der oan de kade lein.