Bierfiltsjes tsjin drankmisbrûk

18 okt 2005 - 11:09

Learlingen fan skoallemienskip Liudger út Drachten begjinne in aksje tsjin drankmisbrûk. De jongeren ha tsientûzen bierfiltsjes drukke litten mei dêrop teksten as 'drink met verstand, dan is er niks aan de hand'.

It idee fan de learlingen wie goed foar in priis: de Future Award fan de Nationale Jeugdraad. De jongeren krigen 500 euro om har idee útfiere te litten. Freed sille de learlingen op paad om de bierfiltsjes yn Drachten te fersprieden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)