Meckama State wol útwreidzje

© Omrop Fryslân
Soarchsintrum Meckamastate yn Kollum wol útwreidzje. It sintrum wol in nije fleugel bouwe mei romte foar 38 ferpleechbêden. Acht fan dy bêden wurde brûkt foar kliënten fan Talant. Derneist sille der 15 apparteminten foar famylje fan de pasjinten yn it gebou komme.
It plan is ûnderdiel fan it woonserviceplan fan de gemeente. Dêryn is ek romte foar in toskedokter-praktyk en twa húsdokters.