Ynfal by Hells Angels yn Harns

© Omrop Fryslân
De Nasjonale Resjerzje hat yn de nacht fan snein op moandei ynfallen dien yn it klubhûs fan de motorklub Hells Angels yn Harns. Ek waard de lieder fan de ôfdieling Northcoast fan 'e Angels oanhâlden yn syn wenhûs yn Frjentsjer.
Justysje bringt de motorklub yn ferbân mei moard, drugshannel en ôfpersing. Sy beskôgje de Hells Angels as in kriminele organisaasje. Wat der by de ynfal yn Harns krekt fûn is wol de plysje net fertelle.