Warkumer ierdewurk ferdwynt

18 okt 2005 - 08:55

Nei hast trijehûndert jier komt der in ein oan in Fryske tradsyje. Want ein dit jier hâldt de famylje De Boer fan Warkum op mei it meitsjen fan it bekende brune Warkumer ierdewurk. It ierdewurkfabryk fan de Boer yn it âlde molkfabryk yn Warkum is de lêste dy't it noch makket.

Der is gjin bedriuwsopfolger. En ek de fraach nei Warkumer diggelguod wurdt lytser.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)