Mear misdriuwen troch jongerein

© Omrop Fryslân
Jongeren yn Fryslân plege hieltyd mear misdriuwen. It Iepenbier Ministearje hat dit jier 23 persint mear jeugdsaken behannele as ferline jier oer deselde perioade. De taname hat te krijen mei de strjitrôven yn Ljouwert en mei de oanpak fan minderjierrige veelplegers.
Opfallend is dat it tal famkes dat oer de skreef giet tanimt. Haadoffisier Den Hollander fan it OM hat grutte soargen oer it gemak wêrmei't jongeren geweld brûke.