MRS-A yn Antonius sikehûs Snits

© Omrop Fryslân
Der binne de ôfrûne wike fjouwer persoanen besmet rekke mei de MRS-A baktearje yn it Antonius sikehûs yn Snits. It gjit om twa lytse poppen, in mem fan ien fan dy poppen en in meiwurker fan it sikehûs.
De earste fermoedens dat de baktearje oanwêzich wie yn it sikehûs kamen ôfrûne woansdei, mar pas freed wie it wis. It Antoniussikehûs hat dernei in opnamestop ôfkundige foar de berne-ôfdieling.