Van Wieren wint Liet 2005

17 okt 2005 - 17:48

De band Van Wieren hat de 15de edysje wûn fan it Frysk sjongfestival Liet yn de Harmonie yn Ljouwert, mei it nûmer 'Nim dyn tiid'. Van Wieren is de Fryske namme fan de rockband Thin Air.

Liet waard foar it earst live útstjoerd op 'e televyzje. Minsken koene meibepale wa't de winner wurde soe, fia sms of tillefoan. De publyksstim joech ek de trochslach, want de faksjuery sette Van Wieren noch op it tredde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)