Fjouwer Fryske blaaskampioenen

© Omrop Fryslân
Tidens it lanlike solistekampioenskip foar blazers sneon yn Elburg binne fjouwer fan de fiif kampioensbekers nei Fryslân ta gien. Saleem Khan út Aldegea wûn op de trompet, dêrmei wûn hy in reis nei in ynstrumintefabryk yn Frankryk. Mehmet de Boer út Drachten wûn mei de alt sax, en dêrmei hat hy in klarinet foar syn muzykferiening wûn.
Aukje Spijksma fan De Pein en Geertje Schoonbergen waarden earste by de hoarnblazers.