Drafsintrum Wolvegea wol op tv

© Omrop Fryslân
It Drafsintrum Wolvegea is yn ûnderhanneling mei produsint Endemol om in tillevyzjeprogramma te meitsjen fan de koersen op de Fryske baan. It is de bedoeling dat der in rjochtstreeks tillevyzje programma ûntwikkele wurdt dêr't sjoggers rjochtstreeks op hynders spylje kinne en dus jild winne kinne.
De komst fan sa'n tillevyzjeprogramma is fan libbensbelang foar de drafsport seit baanmanager Wiebe Hofstra.