Twa bonnen foar drankgebrûk

© Omrop Fryslân
In 26-jierrige man út Snits is snein betiid oanhâlden troch de plysje doe't er slingerjend mei in blikje bier yn 'e hân oer de Lemmerweg fytste. Hy siet it oare ferkear yn it paad. Hy krige in boete foar drinken yn it iepenbier.
Fierder joegen de plysjes de Snitser it advys om net fierder te fytsen, mar te rinnen. Even letter fytste de man lykwols wer en siet er op 'e nij it ferkear yn 't paad. Doe krige er in boete foar iepenbier dronkenskip.