Brânwachtkazerne moat fernijd

17 okt 2005 - 11:13

De brânwachtkazerne fan Menaam moat opknapt wurde, om oan de easken fan de tiid te foldwaan. Dat fine boargemaster en wethâlders fan Menameradiel.

De kazerne moat oan de arbo-easken oanpast wurde. Der is ek te min rûmte foar opslach fan materiaal en de personeelsrûmte is te lyts. Soks soe oplost wurde kinne, troch der in ferdjipping boppe-op te setten. Wat dat kostje moat, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)