Nij Frysk tsjerklik tsjinstboek

© Omrop Fryslân
In nij Tsjinstboek moat it brûken fan de Fryske taal yn tsjerken befoarderje.
It giet om de Fryske oersetting fan it Nederlânske Dienstboek dat sûnt 1998 in de protestante tsjerken brûkt wurdt. De Fryske ferzje waard sneon offisjeel presentearre yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. It doel is dat it boek safolle mooglik troch dûmny's mar ek troch minsken thús brûkt wurdt. Yn it boek steane ûnder oare liturgyske gesangen en gebeden.