Kramer 44e yn Iron man Hawaii

17 okt 2005 - 09:07

Mariska Kramer fan Drachten is sneon yn de Iron man op Hawaii 44e wurden. Mei har tiid fan 10 oere, 21 minuten en 51 sekonden wie se goed ien oere stadiger as winner Natascha Badmann út Switserlân. Kramer wie wol 40 minúten rapper as ferline jier.

Kramer swom de 3,8 kilometer yn 1.12.30, die 5.44.12 oer de 180 kilometer hurdfytse en hie 3.19.41 nedich foar de triatlon. De Iron man is de grutste triatlon yn de wrâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)