Grypprik foar Hearrenfeanspilers

17 okt 2005 - 09:02

De spilers fan Hearrenfean dy't oankommende woansdei nei Roemenië ôfreizgje foar de wedstriid tsjin Dinamo Boekarest foar de UEFA Cup krije in grypprik. Yn Roemenië is dizze wike de besmetlike fûgelgryp konstatearre. Der is lykwols noch gjin negatyf reisadvys útbrocht.

De Hearrenfeanspilers krije alle jierren de grypprik. No is dat lykwols nei foaren helle. De fûgelgryp is sa'n 300 km fan Boekarest ôf konstatearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)