SC Heerenveen wint út tsjin NAC

© Omrop Fryslân
Sportclub Heerenveen hat sneon yn Breda mei 3-0 wûn fan NAC. It wie de earste útoerwinning. Alle trije doelpunten waarden makke troch Klaas Jan Huntelaar. Hearrenfean kaam foar de rêst al mei 2-0 foar. It tredde doelpunt foel yn de 47ste minút.
Hearrenfean spile it grutste part fan de wedstryd mei tsien man, omdat ferdigener Seip al yn de 21ste minut fan it fjild stjoerd waard, nei in twadde giele kaart.