Site foar startende ûndernimmers
Startende Fryske ûndernimmers kinne sûnt koart foar ynformaasje gebrûk meitsje fan de ynternetsite www.startbedrijf.nl. De site is opset troch reklameburo Marrink yn Grins en wurdt mei help fan sponsors betelle.
Neffens haadredakteur Rob de Jong hawwe startende ûndernimmers ferlet fan de ynformaasje. Foar Grinslân bestiet de foarsjenning no in moanne. De side soe neffens de betinkers gjin konkurinsje wêze foar de Keamer fan Keaphannel.