Ien Frysk nûmer yn top 100

© Omrop Fryslân
It ferske 'In Nije Dei' fan De Kast is it iennichste Fryske ferske dat yn de Made In Holland Top 100 stiet. De list is gearstald troch harkers fan RTL FM. De measte nûmmers yn de list binne Ingelsk- of Nederlânstalich. Sa stiet 'Geef Mij Je Angst' fan Guus Meeuwis op ien. 'In Nije Dei' is as 22-e einige.
Opfallend is fierder dat op 'Wêr Bisto' fan Twarres gjin stimmen útbrocht binne.