33 Banen fuort by Spinder

© Omrop Fryslân
By it bedriuw Spinder Products op De Harkema ferdwine 33 fan de 114 banen. De banen gean fuort omdat by it bedriuw in effisjintere wurkwize ynfierd wurdt. Dêrtroch binne in tal wurkplakken oerstallich wurden.
De belutsen wurknimmers hawwe dizze wike har ûntslach oansein krigen. De fakbûnen hawwe begryp foar de reorganisaasje. Der is in sosjaal plan foar de meiwurkers dy't op strjitte komme te stean.