Untslaggen by Cordis Roden

15 okt 2005 - 08:28

Inkelde tsientallen Friezen ferlieze takom moandei har baan by Cordis Europe yn it Drintse Roden. Der geane yn totaal 350 banen ferlern by Cordis, ien fan de grutste yndustriële wurkjouwers fan Noard-Nederlân.

Yn totaal wurkje der sa'n 1200 minsken, wêrûnder in grut tal Friezen. It bedriuw makket hert-apparatuer. Moandei sil Piet Fortuin fan fakbûn CNV mei de direksje fan Cordis prate oer wat der noch dien wurde kin foar de minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)