Wer jûnsflechten mei F16's

15 okt 2005 - 08:28

F-16's fan de fleanbasis Ljouwert fleane fan moandei 24 oktober ôf wer yn de jûnsoeren. De flechten wurde útfierd op moandei- oant en mei tongersdeitejûn. De fleantugen sille net letter as alve oere jûns werom wêze op de fleanbasis.

It oefenjen yn de jûnsoeren is nedich, om ek yn it tsjuster operearje te kinnen. It jûnsfleanen wurdt dien oant en mei april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)