Nominaasje Fryske Undernimmer

Skipswerf Barkmeijer yn Strobos © Omrop Fryslân
Trije bedriuwen binne nominearre foar priis Fryske Undernimming fan it Jier. It giet om skipswerf Barkmeijer út Stroobos, Orangegas yn Oranjewâld, dat griengasfulpunten eksploitearret. De tredde nominearre foar de priis is SMST út Drachten, in bedriuw dat systemen leveret foar de offshore-yndustry.
De Fryske Undernimming fan it Jier wurdt op 3 april útkeazen. Dat sil wêze yn Ecopark De Wierde yn Aldehaske. De útrikking wurdt live útstjoerd troch Omrop Fryslân TV.