Gjin previntive maatregels GGD

15 okt 2005 - 08:26

De GGD Fryslân nimt gjin previntive maatregels yn ferbân mei de fûgelpest dy't yn Turkije en Roemenië fêststeld is. De GGD hat wol opdracht krigen om minsken dy't nei Turkije geane op de hichte te bringen fan de gefaren fan fûgelpest.

It giet om foarljochting dy't no ek al fan krêft is foar bygelyks Azië. Dat betsjut ûnder oare dat minsken oanret wurdt gjin fûgels op de merk te keapjen en fûgelfleis goed klear te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)