Soarch oer wetterberging

15 okt 2005 - 08:20

De gemeente Weststellingwerf hat soargen oer de wetteropfanggebieten yn it provinsjale streekplan. Dy binne bedoeld om yn de winterperioade ekstra wetter op te fangen.

It streekplan seit dat it westen fan Weststellingwerf dêr tige geskikt foar is. Boargemaster Van Klaveren tinkt lykwols dat it foar grutte problemen soargje kin foar de boeren yn it gebiet. Hy fynt dat der noch ris goed nei de plannen sjoen wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)