Crystalic wurdt MFC

© Omrop Fryslân
It ICT-kantoarekompleks Crystalic yn Ljouwert moat yn de takomst in multyfunksjoneel sintrum wurde. Dat fynt Crystallic-eigner Jelle Sipkema fan Sipkema Vastgoed Beheer BV út Rotterdam.
Sipkema hat oant no ta al foar goed 1 miljoen euro ferboud om de glêzen pyramide oantrekliker te meitsjen foar mooglike hierders. Sipkema hat it gebou yn maaie fan dit jier kocht foar hast 7 miljoen euro.