Oername boubedriuw De Lang

15 okt 2005 - 07:47

Boubedriuw De Lang út Ljouwert en De Westerein wurdt begjin takom jier oernaam troch boubedriuw Friso yn Snits. By de beide festigingen fan De Lang wurkje goed fyftich minsken, dy't allegear oergean nei de nije eigner.

Friso nimt De Lang oer om mear gryp te krijen op de merk fan restauraasje en renovaasje. De oername wie foar De Lang needsaaklik om't der gjin opfolger fûn wurde koe foar de hjoeddeiske eigner en direkteur Piet de Lang.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)