Ekstra lânbougrûn foar guozzen

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt ekstra lânbougrûn dêr't guozzen nei fretten sykje kinne. De boeren krije kompensaasje foar de skea dy't de guozzen oanrjochtsje.
De provinsje hie it Ryk tastemming frege foar mear fan sokke stikken, fanwege in soad belangstelling fan boeren. Der komt no dik 9.000 bunder op de 30.000 dy't al oanwiisd wie. Dan komt der 1 miljoen euro ekstra foar de boeren dy't guozzen op har lân litte. De maatregel jildt earst foar 2 jier.