Mooglik gjin WK foar keatsers

13 okt 2005 - 16:57

It WK keatsen yn Kolombia giet moochlik oan de noas fan 'e Fryske keatsers foarby. De situaasje yn stêd San Juan de Pasto is neffens de Nederlânske ambassade tige ûnstabyl. De feilichheid kin faaks net garandearre wurde.

As de Friezen wol geane dan giet Pieter Tienstra mei as bûnskoach. Hy sil yn dy funksje Johannes Brandsma opfolgje. Brandsma hie al earder oanjûn dat hy Kolombia ûnfeilich fynt. It bestjoer fan 'e KNKB nimt meikoarten in beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)